Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 22-11-2021.


Jan Dirk: Goeiemiddei Sjoerd. Wolkom.
Sneon koene we yn de Volkskrant lêze dat der nij ûndersiik komt nei de fraach of biologysk iten sûner is as net-biologysk produseare iten. Ik tink dat in protte minsken ferbaasd binne dat dat bliikber dus noch hieltiid net dúdlik is.

Sjoerd: Goedemiddei Jan-Dirk.
Dat klopt. En ik kin my foarstelle dat minsken dat fernúveret, mar dochs is it sa. Oant de dei fan hjoed is der nea wittenskippelik bewiis fûn dat biologysk iten sûner is.
Of minder sûn…. We witte it net goed.

Jan-Dirk: Is der dan noch nea ûndersiik nei dien?

Sjoerd: Der is wol ûndersiik dyn, mar noch net in protte. En fêststelle of iets echt sûner is, is ek altiid hiel léstich. Dat komt hiel krekt.
Mar ûnder oare yn de periode tusken 2005 en 2008 is der it saneamde ‘kippen-experiment’ west. In oantal hinnen krige gongber foer en in oare groep biologysk. Officieel kaam út dat ûndersyk dat der gjin ferskil oantoand wurde koe doedestiids. Mar ferline jier kaam Zembla mei in útstjoering hjiroer. De wittenskipper die doe de lieding hie oer it ûndersiik, en no pensioneare is, seit dat de echte útkomsten yn it foardiel wiene fan de biologysk fuore hinnen en dat sy ûnder druk setten is om dat net nei bûten te bringen.
As dat is, is dat net best. Mar yn hoefiere dat echt sa is, is hiel dreech fêst te stellen.
Yn myn optiek is it hoe dat ek goed dat der nij en gedegen ûndersiik komt. Want, hoe grut de belangen ek binne oan alle kanten, de wierheid moat altiid útsocht wurde.

Jan-Dirk: Oké. We kin dus net sizze dat biologysk iten sûner is, mar dochs kin je der wol foardielen fan opsomme. Bygeliiks dat der gjin kunstdong en bestriedingsmiddelen brûkt wurde yn de biologyske lânbou. Dat is iets wat in protte minsken oansprekt omdat it grif better is foar de natoer en it milieu. As dat sa is, werom skeakelje dan net mear gongbere boeren om nei in biologyske wize fan buorkjen?

Sjoerd: Dat is in hiel logyske fraach en die hjer ik ek faak. Seker de léste tiid ek wer ûnder oare druk fan de diskusjes oer stikstof útstjit en broeikasgassen as methaan en CO₂. Dan sizze in protte minsken: werom wurde die boeren net gewoan biologysk. Dat lost grif in protte problemen op.

Jan-Dirk: Precies. Klopt dat net dan?

Sjoerd: Ik liuw wol dat je in hiele protte hjoeddeistige problemen wer de lânbou ferantwurdelik foar hâlden wurdt, lytser meitsje kinne as alle boeren yn Nederlân biologysk wurde soene.
MAR. Der is in grutte ‘mar’; of eins wol in pear.
Boeren skeakelje mar mondjesmaat oer op biologysk om twa haad-oarsaken. 1) it risiko is grut dat se der finansjeel net better fan wurde of sels op efterút buorkje en 2) it is mentaal in grutte drempel.

Jan-Dirk: Hoesa is it finansjeel sa’n risiko foar in protte boeren? It is dochs sa dat der mear betelle wurdt foar biologyske produkten. Of bin boeren bang dat de ôfsetmerk net flot genoch groeid?

Sjoerd: Dat léste klopt. De ôfset fan biologyske producten is noch altiid lyts. In pear wike lyn ha ik hjir ek al taljochte dat fan de totale omset yn de Nederlânske supermerken noch mar 3,3% biologysk is. Mar by de kar foar de boer om al dan net om te skeakeljen, spylje folle mear fasetten. In boer dy omskeakelje wol, moat syn of har grûn earst twa jier lang yn omskeakeling ha foardat de produkten die je leverje – grienten, jirpels, molke, fleis, neam mar op… – ûnder in biologysk label ferkocht wurde meie. Yn die twa jier wurkje je dus al wol biologysk, dat bestjút dat jo gjin kunstdong en bestriedingsmiddels brûke meie, mar krije jo noch de gongbere priis betelle. En dat kin samar 20 of 30% skeale en die mearpriis ha je wol nedich.

Jan-Dirk: Hoesa ha jo dan perfoast as biologyske boer in safolle hegere opbringstpriis nedich?

Sjoerd: As jo kunstdong en bestriidingsmiddelen brûke meie, sa as yn de gongbere lânbou, dan kin jo hegere opbringsten fan it lân helje en yn guon gefallen ek in heagere kwaliteit. No mei ek de gongbere boer echt noch mar lytse porties hjirfân brûke, dat is echt hiel oars as bygeliiks triitig, fjirtich jier lyn, mar dochs helpt dat tige by krekt op it júste momint de planten of it gers te helpen om goed te groeien en ûnkrûddruk te ferminderjen.
En no is it sa dat grûn hiel djoer is. In biologyske boer hat, omdat die die hulpinstrumenten as kunstdong en bestriedingsmiddelen net mear ynsette mei, mear grûn nedich om like folle kwaliteit en kwantiteit fan it lân te heljen. Of hy keapet (of pachtet) net mear grûn derby en moat akseptearje dat hy minder omset draait.
No kin je tinke: as hy gjin kunstdong en bestriedingsmiddelen mear oankeapje mei, hoecht hy die dochs ek net te beteljen… Dat kloppet. De saneamde ‘fariabele kosten’ gean meastal wol nei beneden, mar de féste kosten faak net. Of yn elts gefal net fuort en dalik. Dat bin de kosten foar de grûn en bygeliiks foar in stâl foar de kij of in opslach mei kuoling foar jirpels of griente by in bouboer. En as der jild foar liend is, en dat is faak sa, dan moat de bank wol betelle wurde.
Omdat dat faak in grut risiko mei sich meibringt, bin in protte boeren húverich om om te skeakeljen.

Jan-Dirk: Dat is dúdlik. Mar do seist krekt dat der faak ek op mentaal flak in barrière is foar boeren om om te skeakeljen. Hoe sit dat dan?

Sjoerd: Dat klopt.
Hast alle hjoeddeistige boeren bin grut wurden mei it idee dat heage produksjes fan it lân en út de ko helje, in goed en needsakelik stribjen is. Wa omskeakelt nei biologysk, moat kwa opbringsten eins altiid in beste fear litte en dat moat wenne. Oh sa wenne, kin je wol sizze.
Dat is gjin onwil, mar as jo op skoalle en troch jo âlders altiid ferteld is dat hege produksjes neistribjen it beste is, is it léstich om in oare koers te farren.

En die oare koers farre hoecht ek net foar eltsenien. Better sein: dat kin ek net foar elsenien want derfoar is de fraach fanút de merk, de konsumint, dus noch net grut genoch foar.

 

Jan-Dirk: Tankewol Sjoerd.
We witte no noch better werom boeren net samar omskeakelje kinne en wolle nei in biologyske wize fan bourkjen. Mar oft biologysk al dan net sûner is, wit we dus noch net. Derfoar wurdt no nij ûndersiik opset.
Tige tank en oant takom wike. 

Vorig artikelBin it net gewoan korona en de Sjinesen die ús narje?
Volgend artikelWerom krije boeren eins Europeaske subsydsje?