Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 01-11-2021.


Eric: Goeiemiddei Sjoerd. Oer wat foar ûnderwerp wolst it hjoed mei ús ha.

Sjoerd: Goeiemiddei Eric.
Hjoed sil we efkes yn de supermerk sjen; figuurlijk dan fansels. En dat giet it derom dat ús iten no al dúdlik djoerder is as in jier lyn. En no bin ik net oplieden as ekonoom, mar ik kin dy wol fertelle: de measte producten wurde de kommende wiken en moannen dúdlik noch djoerder. Dat komt omdat der op in soad terreinen oer de hiele wrâld krapte is.

Eric: Hegere opbringstpriizen; dat liket my goed niis foar boeren.

Sjoerd: Yn principe is it dat ek. De measte agraryske produkten bringe in protte op of brekke sels rekords. De priizen foar bygeliiks fruit, graan en jirpels bin heach en ek de súvelpriizen gean op de wrâldmerk inmiddels troch it plafond. Dochs bestjút dat lêste net dat it fuort allegear winst is foar molkfeehâlders. De marge wie ôfrûne moanne op de measte bedriuwen noch amper oant neat heager as ferline jier.

Eric: Omdat de kosten ek tige tanaam binne?

Sjoerd: Klopt. Fansels fan saken sa as elektriciteit en brânstof, dat merke boerebedriuwen ek, mar ek de foerpriizen lizze al it hiele jier op in heach niveau. Dat komt foaral om’t de priis foar granen, sa as bygeliiks weet, op in heech niveau lizze en dit is in belangriik ûnderdiel fan it rantsoen foar kij, mar ek fan bargen en hinnen bygeliiks.
It heage kostenniveau makket dat foaral melkfeehâlders no pas, no’t de molkpriis echt omheech gien is, profitearje en hun ynkommen omheach sjen geane.

Eric: Werom bin de graanpriizen eins al lang sa heach?

Sjoerd: Ast yn de hiele wrâld sjochts, dan binne soja en mais de grutste gewassen om wrâldwiid fee fan te fuorjen. Troch matige oogsten, as gefolch fan it waar faak, bin de opbringsten derfân yn de grutte produksjelânnen as Amerika, Brazilië en Ruslân tsjinfallend. De priizen foar soja, mais en dus ek granen binne dermei omheach gien.
Derby freaget foaral Sjina al in jier om in hiele protte feefoer. Sy wolle foarrieden oanlizze om sekerheid te hawwen dat se net tekoart ha. De Sjineeske regering stimulearet de eigen foedselproduksje en de groei fan de feestapel sit der derom knap yn.

Eric: dat lêste, de fraach fanút Sjina, helpt no ek mei dat de molkpriis omheech giet, tink ik?

Sjoerd: Inderdaad. Sjina freaget ek mear molkpoeder en oare sûvel. Mar eins sjogge we dat de fraach yn de hiele wrâld momenteel tanaam is; foaral troch in flotter opfearende ekonomie neidat corona sa wat alles plat lei. It evenwicht is dúdlik efkes kwiit.
Der wurdt ek wol sein: we libje yn in ‘tekoarten-ekonomy’. In term die guon minsken miskien noch kinne út de jierren ’80 fanút de kommunistyske Eastblok-lânnen. Mar no spilet dat dus ek troch de hiele ekonomy hinne yn ús kapitalistyske frije-merke-systeem. Dat fertaalt sich dus ek yn heagere opbringsten foar in protte agraryske producten.

Eric: Dat bestjût neffens dy dus noch heagere priizen foar bygeliiks jirpels en sûvelprodukten yn de kommende wiken en moannen. Bin die ferheagingen noch net trochfierd dan?

Sjoerd: Foar it diel al wol. Wy konsuminten betelje foar in protte iten momenteel al dúdlik mear yn de supermerk as ferline jier. Mar yn Nederlân ha wy eins mar in pear grutte ynkeaporganisaasjes en die kinne knap skerp ynkeapje. En die pear ynkeaporganisaasjes, die de supermerken fertsjintwurdigje, slúte faak kontrakten ôf foar in heal jier. De resinte fierdere priisstiigingen binne dus noch lang net allegear trochberekkene.

Eric: Dat bestjût dan foar boeren noch bettere priizen de kommende moannen?

Sjoerd: Foar de boeren soe dat moai wêze, mar dat is léstich te sizzen. Ik ha gjin glêzen bol. Wol ferwachtsje ik dat in protte priizen op de wrâldmerk en de spotmerk, sis mar de dei-priizen, ynkoarten wol in lytsje korreksje krije. Mar oer de hiele lijn sil de fraach noch wol in tiidsje heach bliuwe en nije kontrakten yn eigen lân soargje derneist wol foar knappe priizen de kommende moannen.
Dus ja, waarskynlik hâlde de measte boeren de kommende moannen noch knappe priizen en miskien sels noch wol wat heager dan no al it gefal is.

Eric: Moai foar de boer, mar minder moai foar de konsumint.

Sjoerd: Dat léste is mar de fraach. In protte minsken sizze yn allerhande ûndersyken altiid dat se de boeren graach better opbringstpriizen gunne. En ja, dan sil die boarger sels, de konsumint, dat dochs foaral betelje moatte. Boppedat besteedt de gemiddelde Nederlânder 11% fan it totaal beskikbere ynkommen oan syn of har iten. As dat in kear 12 of sels 15% wurdt, liket my dat noch net sa’n probleem. Al sil grif net eltsenien it deryn mei my iens wêze.
In grutter probleem is it yn bygeliiks Afrika wer de minsken faak 60 tot 80% fan harren ynkommen útjaan moatte oar harren iten. Hegere priizen fan grûnstoffen en iten is foar harren dus wol echt in probleem.
Kinst do dy de Arabyske Lente noch foar de geast helje? Die startte ein 2010 en waard ek sterk fuorre troch de heache priizen foar iten op dat momint. As de huidige heage priizen net gau in korreksje krije, soe ik net ferbaasd wêze dat we yn earmere dielen fan de wrâld opnij dat soarte ûnrest sjogge.

Eric: Dúdlik Sjoerd. Oan heagere priizen foar iten sit folle mear fêst as in pear sint heagere priizen foar de molke, fruite of jirpels yn de supermerke.
Tige tank.

Sjoerd: Do ek bedankt.
En noch ien ding. Ik fertel eltse wike wat oer in ûnderwurp realteare oan lânbou, mar faaks ha minsken thús, die no by de radio sitte, ek wol fragen oar lânbou-saken wer se graach ris wat mear oer witte of heare wolle. As dat sa is, dan hear ik dat graach.

Eric: Ja. Wa fragen oar lânbousaken hat en die oan Sjoerd foarlizze wol, kin maile  nei underweis@omropfryslan.nl. Wy soargje je dan dat se by Sjoerd komme.

Vorig artikelBiologysk ite
Volgend artikel‘Hoge energieprijs ondermijnt exportpositie’