Radio-interview Omrop Fryslân. Bijdrage 24-01-2022
Eric: Goeiemiddei Sjoerd.
Ferline wike brocht in CBS (Centraal Bureau foar de Statistiek) en Wageningen Research nei bûten dat de lânbou opnij in exportrecord brutsen hat. Foar € 104,7 miljard is der exporteare. In enorm bedrag fansels, mar hoe kin dat dochs dat die export fan lânbouguod út ús lân sa heach is? En derby freagje je ek ôf, is in nij record no perse wol goed niis of net?
Sjoerd: Goeiemiddei Eric.
Elts jier, sa’n bytsje yn de tredde wike fan jannewaris, wurde de exportsifers fan de lân- en túnbou presenteare. Dit jier komt de berekkening fan it CBS en WUR út op 104,7 miljard euro. 9,4% mear as ferline jier en in record. Fuort en dalik in nuancering: mear as de helte fan dizze stiging komt troch heagere priizen. Alles is folle djoerder wurden ôfrûne jier en dat fertaalt sich dus ek yn dizze sifers. Mar ek yn folume naam de export fan lân- en túnbou produkten opnij ta. Nederlân is en bliuwt de 2e exporteur fan de wrâld.
Eric: En wer gean al die producten dan hinne; wa is der sa sljocht op ús produkten?
Sjoerd: Dat is in goede fraach die ast stelst, want 69% fan alle export bliuwt yn de EU. En mar leafst 52% sels yn de fjour lânnen (Dútslân, België, Frankryk en Ingelân), fuort om ús hinne. We prate, as it oer export fan lânbouproducten giet, faak oer lânnen as Sjina bygeliiks. Mar it grutste part fan de export bliuwt dus yn in straal fan sa’n 500 kilometer bûten ús lânsgrinsen. Wie ús lân ûngefear sa grut as Frankryk, dan praten jo mei sokke ôfstânnen hielendal net oer export. Dan wurdt it oanmurken as regionale ferkeap. Of: produkten foar de ynterne merk.
Eric: Ja. Mar wy binne fansels ek in fry lyts lântsje. Des te mear fâlt it elts jier op dat wy safolle lânbou produkten exportearje. Giet it derby foaral om súvel, fleis en pootjirrappels; produkten die wy hjir yn Fryslân ek goed kinne, of bin der oare wichtigere produkten?
Sjoerd: Fleis is mei € 9,1 miljard in wichtich product dat de sifers opskoeft, en súvel en aaien fertsjinwurdigje mei elkoar ek 8,7 miljard euro. Mar elts jier is de grutste post ‘sierteelt’. Der waard yn 2021 in wearde fan € 12 miljard oan exporteare. Under sierteelt falle blommen, blombollen, planten en bygeliiks en bjimmekwekerij produkten.
En it niisskjirrige as it oer de kritische kant fan de lânbousifers giet, dizze sierteelt produkten hast nea of amper oandacht krije. Wylst der de lêste jierren wol yn tanimmende mate sprutsen wurdt oer de fraach of Nederlân eins wol die ambysje ha moat om safolle lân- en túnbou produkten te exportearjen. Wy binne yndie in lyts én tige drok lân. Plus dat de produksje fan al dizze produkten fansels in druk op it milieu lizze. En begryp mei goed, ik ha persoanlik neat tsjin op moaie blommen en bjimkes, mar de produksje derfan is relatief tige milieubelêstend en jo kinne it ek noch net iens ite.
Eric: Dan fuort mar efkes fierder mei dy kritiek op Nederlân as lanbou-exportlân. Foarhinne waard der foaral jubele as de exportsifers fan de lânbou bekind makke waarden, mar hjoedtedei net mear. Of yn elts gefal net allinne mear. Der is best wol in protte kritiek. Best logysk dochs. Wat tinkst do?
Sjoerd: Jo moatte tink hjirby goed nei it totaalplaatsje sjen.
Allerearst sei ik al dat mear as de helte fan ús export yn it straal fan sa’n 500-600 kilometer bliuwt. Dat is relatief sa tichtby, seker as je prate oer impact fan dizze hannel troch transport ensafuorthinne, dat it wichtich is om te betinken oft dit eins wol as probleem sjoen wurde kin.
It twadde is dat dat fan de € 104,7 miljard oan export, rom in kwart (€ 29 miljard) wederuitvoer is. Dat bestjút gewoan: it komt fia bygeliiks de haven fan Rotterdam ús lân yn, wurdt oerhevele yn schepen, frachtweinen of containers op binnenfeartskippen, en giet yn ien kear wer troch. Dizze € 29 miljard hat dus neat mei lânbou produksje yn ús lân te meitsjen, mar wurdt wol oan dizze sifers tarekkene.
En faaks it wichtichste: jo meije, of moatte sels, sjen nei de negatieve effecten fan in heage lânbou produksje, mar neffens my foaral ek sjen wat al dizze export ús lân oplevert. Op die wize kin je de diskusje better foere.
Eric: Ok. Wat levert it ús lân yn euro’s op dan?
Sjoerd: Yn totaal fertjinne Nederlân ôfrûne jier € 46,1 oan de export. 4 miljard kaam fia wederuitvoer en 42,1 fia produkten die we hjir produsjearje. Ast dat omrekkenst, wurdt oan eltse euro die je exportearen, € 0,60 fertsjinne troch de BV Nederlân.
No seit dat de measte minsken miskien noch net safolle, mar de totale begrutting fan ús lân is sa’n
€ 350 miljard.
€ 46,1 miljard is dus sa’n 14% fan alle jild dat we nedich hawwe om ek wer út te jaan.
As jo sizze: dat hiele exportmodel fan de Nederlânske lân en túnbou past letterlijk en figuurlik hielendal net mear foar en yn ús lân, moat je neffens my wol ek neitinke op welke wize jo al dit jild foar de staat dan fertsjinje sille.
Eric: Tige tank Sjoerd.