Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 03-01-2022.
Eric: Goeiemiddei Sjoerd. In nij jier en in nije minister op Lânbou…!
Sjoerd: Ja, goeiemiddei Eric.
Yndie, in nije minister. Henk Staghouwer.
Of eins twa ministers die foar de lânbou specifiek wichtich binne, want Christianne van der Wal hat de nije portefeuille Natuur en Stikstof krigen en dat hat fansels in hiele protte raakflakken mei it agraryske.
Eric: Bist ferrast oer dizze nammen en ynfulling?
Sjoerd: Ja. Ik bin ferrast.
Wer ik allerearst ferrast oer bin, is dat we no in ministerie Natuur en Stikstof ha én in ministerie foar Lânbou, Natoer en Foedselkwaliteit. Dan tink ik fuort: welk ministerie en minister giet no aasn echt oer saken die natoer oangean? Wa kriget welk mandaat of wa hakt knopen troch as it spannend wurdt? Dat is allegear noch tige ûnseker en mei alle ûnsekerheid yn de lânbou is sa’n start net ideaal, mar wol ferrassend.
Eric: En de kar foar de nije ministers, hat die dy ek ferrast?
Sjoerd: Ja. Die ek.
Christianne van der Wal koe en kin ik eins hielendal net, krekt as it grutske part fan Nederlân, tink ik.
Dat lêste jildt faaks ek wol foar Staghouwer, mar die kinne wy fanút Grinslân fansels as deputeare fan Lânbou. Earlik sein hat syn reputatie, mei fanút de omgong mei de gaswinningsproblematiek, wol wat in knaauw oprûn. In protte boeren binne net hiel enthousiast oer dizze kar, mar earlik sein soe dat tink ik hast by eltse kar sa wêze. De nije minister giet in tige útdagende tiid te mjitte, mei in sector die eltse stap mei arguseagen besjen sil…
Eric: Krekt. Wylst de minister fuort oan de bak kin.
Sjoerd: Ja fansels. Der lizze in protte dossiers klear.
Mar ien is wol hiel wichtich en urgent. Dat is it opnij feilich stelle fan derogatie foar Nederlân yn Brussel.
Eric: Derogatie. In wurd dat faker foarby komt, mar wat hâldt it krekt yn?
Sjoerd: Derogatie stiet eins geliik oan ‘uitzonderingspositie’.
In lyts bytsje technisch: De regel yn de EU is dat boeren 170 stikstof út dierlijke mest per hectare per jier op harren gerslân bringe meie. Nederlân hat, as ien fan de weinige lânnen yn de EU, de romte om 250 kilo te brûken.
Simpeler sein komt it der op del dat in gemiddelde Nederlandske boer 0,7 kij per hectare mear hâlde mei troch die derogatie.
De reden dat Nederlân die derogatie al jierren hat, is om wy oantoane kinne gemiddeld ek folle mear fan it lân ôf te heljen dan yn it grutste part fan oare dielen yn de EU. It lân is hjir hiel fruchtber. En lân dat mear opbringt, mei ek wol wat mear bemesting krije.
Eric: Mar die derogatie is net foar onbepaalde tiid dus?
Sjoerd: Nee. It wie altiid sa dat it takinnen fan die derogatie eltse fjour jier opnij besjoen waard. Mar fjour jier lyn, waard de derogatie mar foar twa jier fêst steld. Yn 2017 libben der nametlik in protte fragen oer ferneamde mestfraude.
Yn 2020 waar der, ek nei in lange tiid fan praten en ûnnerhanneljen, foar twa jier wer derogatie ferliend, mar no stiet dat dus opny op de tocht.
Eric: Wat bard der as Nederlân dit kear de derogatie net takind kriget?
Sjoerd: Allerearst ferwachtsje ik dat it noch meardere moannen duorret foardat dat daadwerkelik dúdlik wurdt. It gefolch is dat de measte boeren hope sille dat it úteinlik wol los rint en yn de twadde helte fan dit jier, foar dit rinnende jier, der net mear echt op anticipearje kinne. It gefolch is dat dan folle mear stront ôfsette moatte. Dat sil in grutte kostenpost bestjutte.
Eric: As ik it goed begryp, bestjút gjin derogatie minder kij per hectare. Sa’n extensievere wize fan buorkjen is dochs wol wer in protte politieke en maatskippelike partijen op oanstjoere?
Sjoerd: Dat kloppet, mar it is mar sear de fraach of troch ôfskied fan derogaasje te nimmen, net diels just it tsjinoerstelde berikt wurdt dan hope wurdt. En der bin ik húverich foar.
Dat moast sa sjen: sûnder derogaasje ha boeren of mear lân nedich of se kinne minder kij melke. Dat lêste is foar de measten gjin opsje omdat dat minder ynkommen bestút. Mear lân keapje of pachte is faak ek gjin opsje. Gewoanwei omdat lân tige djoer is en it rendemint net sa heach.
Derom sille in protte melkfeehâlders kieze om mear stront ôf te fieren, ek al kostet dat ek jild, en derbij prebeare harren kij noch efficiënter te fuorjen en te managen; om die reden sille in protte fan har der foar kieze de kij net mear te weidsjen. Omdat, as jo de kij it hiele jier binnenhâlde en in konstant rantsoen oanbiede kinne sûnder rein of hjitte dagen, jo better in heage melkproduksje behelje kinne.
Eric: Dus as wy by safolle moochlik pleatsen de kij bûten sjen bliuwe wolle, kin de EU mar better Nederlân opnij de derogatie tasizze?
Sjoerd: Dat liuw ik inderdaad.
Mar ik liuw foaral dat it better is dat de EU en Nederlân foar langere tiid ôfspraken meitsje oer hoe de derogatie wol of net bestean bliuwe kin. No joech it eltse fjour jier ûnsekerheid en inmiddels sels om de twa jier. Dat is werklik foar gjinien goed. Net foar de boer, net foar it milieu en net foar it oansjen fan de politiek.
As Staghouwer dat no foar elkoar bokse kin, sa’n langer duorjende ôfspraak, dan soe dat hiel wat bestjútte.
Eric: Tankewol Sjoerd. We sille it folgje hoe it de nije minister op dit mêd en op in protte oare dossiers fergiet.